Bestjoerder mei drank op pakt

06 nov 2013 - 09:55
  • (foto-ympresje)

In 30-jierrige man út Eelde is tiisdeitejûn yn Techum yn Ljouwert oanhâlden. Hy hong yn syn auto oer it stjoer yn de Ljouwerter wyk wylst de motor noch oan wie. In blaastest wiisde út dat de man tefolle dronken hie. De plysje hat him oanhâlden om't tocht wurdt dat er ûnder ynfloed riden hat. Op it buro die bliken dat de man earder al ris syn rydbewiis ynleverje moatten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)