Bestjoerder ferwûne by ûngelok Tsjom

17 jul 2015 - 08:29

De bestjoerder fan in auto dy't yn de nacht fan tongersdei op freed op de Wommelserwei by Tsjom yn it wetter rekke, is ferwûne rekke. De bestjoerder koe gau út de auto helle wurde, mar om't net dúdlik wie oft der noch mear minsken yn de auto sieten, waard de traumahelikopter oproppen en hat de brânwacht it wetter trochsocht. Der waard net ien mear fûn. De bestjoerder is mei in brutsen skonk nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)