Bestjoerder botst tsjin auto en rydt troch

03 maaie 2015 - 12:10

De feroarsaker fan in oanriding yn Twizelerheide is sneontejûn trochriden. Om goed healwei njoggenen waard op de Bjirkewei tsjin in parkearde auto oanbotst. De eigener, in man fan 50 út Bûtenpost, hat oanjefte dien. De identiteit fan de feroarsaker koe op basis fan it kenteken achterhelle wurde. De plysje hat by him oan 'e doar west, mar hy wie net thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)