Bestjoerder bestelbus bekent

19 jan 2014 - 18:10
  • De plysje kaam is buske snein al gau op it spoar

De 30-jierrige bestjoerder fan de bestelbus, dy't sneon yn Ljouwert trochried nei it oanriden fan in scootterrider, hat snein op it plysjeburo in folsleine bekentenis ôflein. By it ûngelok op it Suderplein rekke sneontejûn in 19-jierrige Ljouwerter swier ferwûne. De Ljouwerter plysje wist snein de bestjoerder en it buske op te spoaren mei help fan tips fan tsjûgen.

De bestjoerder fertelde snein de plysje dat er yn panyk rekke, ek omdat er net yn it besit is fan in jildich rydbewiis.

By it ûngelok op it Suderplein fûnen noch in pear ynsidinten plak. Sa waard de fyts fan in man dy't it slachtoffer earste help ferliende stellen. In oare foarbygonger bedrige in pear fertsjintwurdigers fan de media mei in mes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)