Bestjoerder 2 kear yn de fout

27 sep 2013 - 15:47
  • Plysje-embleem

In automobilist út de gemeente Lemsterlân is yn 24 oeren tiid twa kear oanhâlden. De 31-jierrige man waard tongersdei trapearre op De Jouwer, dêr't er ûnder ynfloed ried en de plysje misledige. Syn riidbewiis waard ynnaam.

Doe't er freedtemoarn frijlitten waard, gie er fuortendaliks wer yn de fout troch sûnder riidbewiis in auto te bestjoeren. De man waard by Sint Nyk arrestearre. Hy sit noch fêst en syn auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)