'Bestjoer NNBT is oanspraaklik'

20 maaie 2003 - 00:00

Bestjoersleden fan it NNBT moatte by in fallissemint fan it buro opdraaie foar de skea fan tûzenen fakânsjegongers. Dat fynt foarsitter Boersma fan 'e Recron. It NNBT sit yn jildneed. De provinsjes binne net ree om de frege 2,9 miljoen beskikber te stellen.

Tûzenen fakânsjegongers ha betelle fia de boekingssintrale fan it NNBT. By in fallissemint is dat jild fuort. De NNBT seit lykwols gjin jild mear oan te nimmen, allinnich foarriedige boekings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)