'Bestjoer NNBT moat opstappe'

14 nov 2002 - 00:00

It bestjoer fan it NNBT moat opstappe. De fraksjes fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân fine dat. De politisy hâlde it bestjoer fan it toerismeburo ferantwurdlik foar de jierrenlange finansjele problemen.

De Steaten wolle in tafersjochhâlder oanstelle. Mei de provinsjes Fryslân en Drinte wolle se dêr oer prate. By it NNBT binne 3700 ûndernimmers oansletten. De mearderheid fan har hat gjin betrouwen mear yn it bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)