Bestjoer MFC Burdaard stapt op nei ûnienichheid

07 des 2015 - 17:38
  • It multyfunksjonele sintrum yn Burdaard

It bestjoer fan it multyfunksjoneel sintrum yn Burdaard hâldt dermei op. It bestjoer wol de regels stranger meitsje foar de hierders fan it gebou, lykas de sportkantine en it swimbad. Guon hierders binne it dêr net mei iens. Der is al langer strideraasje oer it doarpshûs, ûnder oare oer hoe enerzjysunich oft it gebou is. Neffens de bestjoersleden is it belangryk dat alle noazen deselde kant op stean. Dêrom hâlde se der no mei op.

Doarpsbelang Burdaard praat dêr moandeitejûn oer. It soe kinne dat leden fan doarpsbelang it bestjoer oernimme.

Ien fan de âlde bestjoersleden bliuwt foarearst oan om de taken goed oer te dragen. It gebou bliuwt wol iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)