Bestjoer iishockeybûn stapt op

10 sep 2006 - 14:52

It folsleine bestjoer fan it Nederlânske iishockeybûn is opstapt. Yn in brief jout foarsitter Jan de Greef útlis oer de situaasje. Hy sprekt fan in fertrouwensbreuk tusken it bûn en inkele earedivyzjeklubs.

Benammen de Flyers krije de swarte pyt taskood. Foarsitter Johan Zijlstra fan de Feansters is it dêr net mei iens. Hy seit dat it bûn in oar belied folgje wol as at ôfpraat is mei de ferskate earedivyzjeklubs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)