'Bestjoer iishal moat ôftrede'

04 mrt 2002 - 00:00

It bestjoer fan de Ljouwerter iishal moat mar ôftrede. Dat seit wethâlder Hafkamp. De iishal sit yn finansjele swierrichheden en hat de gemeente om mear jild frege. Neffens Hafkamp moatte der wer iisklubs yn de hal komme om de eksploitaasje slutend te krijen. De wethâlder hat moandei 2500 hantekens krigen fan wurknimmers en besikers om de hal iepen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)