Bestjoer is grutsk op Fryslân

08 feb 2012 - 20:49
  • Wiebe Wieling is ek foarsitter fan de Alvestêdetochtferiening

De Alvestêdeferiening is 'grutsk op Fryslân' en benammen grutsk op alle frijwilligers dy't harren de ôfrûne dagen ynset hawwe foar in mooglike Alvestêdetocht. Dat sei foarsitter Wiebe Wieling woansdei op de parsekonferinsje fan de Feriening Fryske Alvestêden.

De ôfrûne dagen hawwe in soad minsken dwaande west mei it sniefrij meitsjen fan de 200 kilometer lange rûte. It bestjoer fan de feriening hie de ôfrûne dagen net graach misse wollen.

De frustraasje dat der no dochs gjin tocht útskreaun wurde kin is grut, seit foarsitter Wieling fan de Alvestêdeferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)