Bestjoer FPC stapt op

13 mrt 2003 - 00:00

It bestjoer fan it Frysk Hynstesintrum yn Drachten is woansdei opstapt. It bestjoer stie faai fanwegen finansjele problemen. Der is goed in miljoen euro nedich om in fallissemint te kearen.

De 6500 leden fan it Frysk Hynste Stamboek, eigner fan it FPC, ha freed in ekstra gearkomste. Se moatte stimme oer in ferheging fan 25 euro fan de kontribúsje. As dat net bart, is it sintrum, dat yn 2001 iepene waard, fallyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)