Bestjoer FLB wer oan it wurk

14 maaie 2005 - 12:23

It haadbestjoer fan it Frysk Ljeppers Bûn (FLB) is wer oan it wurk. It wie yn de ledegearkomste fan ferline wike opstapt fanwege in konflikt oer de feiligens fan de skâns yn de Westerein dy't troch it bûn ôfkard wie. Fan de ljeppersferienings krigen se hjir gjin stipe foar.

Dizze wike seinen de ferienings dy stipe dochs ta, útsein de Westerein. En dat wie genôch foar it bestjoer om wer oan it wurk te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)