Bestjoer Feriene Lofts opstapt

05 jan 2011 - 06:41
  • In byienkomst fan Feriene Lofts

It deistich bestjoer fan Feriene Lofts is tiisdeitejûn opstapt. Reden foar it opstappen is dat it bestjoer gjin inkeld fertrouwen mear hat yn de steate- en riedsfraksjes. Dy fraksjes makken ferline wike fia de media bekend dat der ûnienichheid wie binnen de partij.

Dat gie oer de fraach fan it bestjoer oan fraksjelieder Ad van de Kolk om op te stappen, omdat hy û.o. de leden net genôch bedankt hie foar de ynset tidens de ferkiezingskampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)