Bestjoer en direksje FA fuort

26 jun 2004 - 10:07

Bestjoer en direksje fan de Fryske Akademy moatte opstappe. Dat ha de provinsje en de KNAW, de finansiers fan it wittenskiplik ynstitút, freed buorkundich makke.

Oanlieding foar de maatregel is de finansjele sitewaasje fan de Fryske Akademy. Dêr ferdwûn yn twa jier in posityf eigen fermogen fan ien miljoen. No is der in tekoart fan 40.000 euro. In ynterim-manager en ynterim-bestjoer moatte it ynstitút der wer by op helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)