Bestimmingsplan bûtengebiet Opsterlân moannenlang ûnjildich

06 jan 2015 - 18:40
  • Gemeente Opsterlân

It bestimmingsplan foar it bûtengebiet fan Opsterlân is skorst troch de Ried fan Steat. De skorsing bliuwt fan krêft oant der in definitive útspraak leit fan de steatsried yn twa beropsskriften fan de Natuerferiening fan De Gordyk tsjin dat nije bestimmingsplan. Neffens wethâlder Piet van Dijk fan Opsterlân kin it wol in healjier duorje foardat der in definitive útspraak leit.

Oant dy tiid kin de gemeente it nije bestimmingsplan net brûke om bygelyks oanfragen fan feehâlders om út te wreidzjen te kontrolearjen.

De gemeente sil útwreidingsplannen dêrom pas yn behanneling nimme as der dúdlikheid is oer de jildichheid fan it bestimmingsplan. "Wy witte no net wêr't wy oan ta binne", sei wethâlder Van Dijk tiisdei op in parsekonferinsje.

De wethâlder 'baalt' neffens eigen sizzen fan de opstelling fan de Gordykster Natuerferiening. Van Dijk snapt de natuerferiening ek net, omdat yn it bestimmingsplan ek regele wurdt dat der 500 bunder nije natuer makke wurdt. Troch de skorsing fan it bestimmingsplan is it noch mar de fraach oft dat plan wol trochgean kin, sa seit de wethâlder. De natuerferiening gie yn berop tsjin it nije bestimmingsplan, omdat de romte yn it plan foar boeren om út te wreidzjen negative gefolgen hawwe kin foar de natuer en beskerme bistesoarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)