'Bestimming IBF feroaret net'

18 aug 2002 - 00:00

B&W fan de gemeente Hearrenfean ha de rie witte litten gjin plannen te hawwen om op koarte termyn de bestimming fan it bedriuwepark (IBF) te feroarjen. Oanlieding foar dy reaksje is de oankundige sluting fan kompjûterûnderdielefabryk SCI.

It kolleezje stelt dat it IBF gjin doel op himsels is, mar in ynstrumint om wurkgelegenheid te realisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)