Bestimming foar stedhûs Warkum

24 apr 2014 - 10:45
  • It eardere stedhûs yn Warkum

It stedhûs fan Warkum krijt in nije bestimming. Kultureel Sintrum De Klameare ferhuzet nei it histoaryske gebou oan de Merk. Op it plak fan it kultureel sintrum komt dan in passantehaven. Dat stiet yn it masterplan fan Warkum.

It stedhûs stiet al in pear jier foar in grut part leech sûnt de gemeentlike fúzje yn Súdwest-Fryslân. Dêrfoar wie it sûnt 1984 yn gebrûk as gemeentehûs fan Nijefurd. It âldste part fan it gebou is út de 15de ieu. De plannen binne woansdeitejûn presintearre oan de ynwenners fan Warkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)