Bestimming fan Kollumerwaard?

09 jun 2001 - 00:00

Steatsboskbehear is net bliid mei de plannen foar de Kollumerwaard. Der soe in opslach foar fjoerwurk komme moatte of wynmûnen. It GEP Nederland hat it plan om der 16 mûnen te pleatsen. Dêrmei kinne 18.000 gesinnen stroom krije.

Steatsboskbehear wol it gebiet fan tachtich bunder by Kollum behâlde as natuergebiet. Dat wol de gemeente Kollumerlân sels ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)