Bestelbuske yn sleat by Boksum

16 sep 2012 - 14:48
  • De brânwacht teakele it bestelbuske út de sleat

Yn de sleat njonken de Hegedyk by Boksum is sneintemoarn betiid in bestelbuske yn 'e sleat bedarre. De helptsjinsten rukten mei man en macht út omdat se tochten dat der noch ien yn de auto siet. Dûkers fan de brânwacht giene dêrom fuortendaliks it wetter yn, mar troffen net ien oan.

De plysje fûn de bestjoerder (18) út Hilaard even letter ûnder it fiadukt fan de Westergowei. De man waard foar in bloedproef oerbrocht mei it sikehûs. It die bliken dat de man net yn it besit wie fan in jildich rydbewiis. De auto is swier skansearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)