Bestelbus yn de sleat

10 mrt 2012 - 13:10

Tusken Warten en Garyp is sneontemoarn betiid in bestelbus yn de sleat rekke. In 27-jierrige ynwenner fan Garyp is troch ûnbekende oarsaak op de Stûkenwei neist de dyk rekke en doe yn it wetter rekke.

De helptsjinsten hawwe de bestjoerder út de auto weihelle. Hy is nei it sikehûs ta brocht. De plysje hat him in bloedproef ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)