Bestelbus ramt beammen Gordyk

28 jan 2008 - 22:26
  • De swier skansearre bestelbus. (foto: Henk Stoelwinder)
  • Ien fan de beammen dy't rekke waard. (foto: Henk Stoelwinder)

By in iensidich ûngelok op de Leijen krekt bûten De Gordyk is moandeitejûn in bestjoerder fan in bestelbus ferwûne rekke. De man rekke ferskate beammen oan de rjochterkant fan 'e dyk en kaam úteinlik oan de linkerkant fan de dyk ta stilstân.

It slachtoffer is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs oerbrocht. In bergingsbedriuw hat de bestelbus fuortsleept. De dyk hat in skoftsje ôfset west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)