Bestean Formido Flyers yn gefaar

20 aug 2003 - 00:00

It fuortbestean fan iishockeyklub Formido Flyers op It Hearrenfean is yn gefaar. De klub sit yn akute finansjele problemen om't se noch jild betelje moatte oan de fiskus en in útfieringsynstelling.

Dat wylst de begrutting foar it kommend seizoen al wer makke is en der gjin finansjele rûmte is. Neffens foarsitter Lindemann hat de klub yntusken in sanearingsplan makke. Dêryn freget de klub de gemeente om 63.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)