Bêste stofsûger út Grinslân

10 mrt 2011 - 18:28
  • De winnende stofsûger mei kliko
  • Tige wiis mei de priis binne de learlingen ut Stadskanaal

De finale fan de noardlike Junior Vakkanjer Wedstriid foar VMBO-skoallen yn Drachten is tongersdei wûn troch it Noorderpoort College út Stadskanaal. Sy makken neffens de sjuery de bêste strjittestofsûger. De ploech fan Anna Maria van Schurman út Frjentsjer waard twadde, de ploech fan Singelland út Drachten krige de tredde priis.

De VMBO'ers moasten selsstannich in stofsûger bouwe dêr't in kliko yn ferwurke siet en dy't boppedat ek net tefolle leven makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)