Bêste reisburo is Internoord

02 mrt 2003 - 00:00

Reisburo Internoord yn Ljouwert is útroppen ta it beste reisburo fan Fryslân yn it jier 2003. De ferkiezing is in inisjatyf fan de feriening fan Nederlânske reisburo's en it blêd Reisrevue. By de beoardieling wurdt sjoen nei ferskate ûnderdielen.

Internoord giet no troch nei in lanlike finale, dy't ein dizze moanne hâlden wurdt. Ferline jier waard Internoord ek al útroppen ta beste reisburo fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)