Bêste oaljekoeken út Wolvegea

28 des 2012 - 06:21
  • Oaljekoek

De bêste oaljekoeken fan Fryslân komme opnij út Wolvegea. Dat fynt it Algemeen Dagblad, dat alle jierren oaljekoeken út it hiele lân ferliket. Neffens de krante binne dy fan echte bakker Vliegendehond de bêste fan Fryslân. De bakkerij krige al faker dat predikaat. De bakkerij einiget dit jier op it fjirde plak.

Fjouwer oare Fryske oaljekoekbakkers krije ek in foldwaande. Op 24 stiet bakkerij Jansen en Terpstra út Easterwâlde, op 35 De Korenaar út Surhústerfean, op 51 Gosse Tjoelker fan Drachten en op 79 gebakkream Gühnen op It Hearrenfean.

De gebakkream by de Praxis yn Ljouwert skoart neffens de krante hiel min. 'Etterende gezwelletjes vol vies vet', skriuwt de krante en jout der in nul foar. Meielkoar krije seis oaljekoekebakkers yn Nederlân dat sifer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)