Bêste keet stiet yn Heech

23 des 2010 - 21:25

De bêste keet fan Nederlân stiet mooglik yn Heech. It is de keet fan in groepke jongeren tusken de 13 en 16 jier. It hok stiet op it hiem fan ien fan de âlders en se hawwe it dêr sa goed foar elkoar dat se in grutte kâns meitsje op de jierlikse titel fan de webside bestekeetvannederland.nl.

Yn totaal dogge 65 keten út it hiele lân mei. De keet yn Heech makke in goede yndruk op de karmaster. Dy sei sels dat se in grutte kâns ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)