Bêste Idee fan De Friesland krijt mooglik in ferfolch

30 nov 2015 - 17:57
  • Priiswinners It Bêste Idee

De ferkiezing foar It Bêste Idee fan De Friesland kriget mooglik in ferfolch. De soarchfersekerder hâlde de ferkiezing dit jier fanwegen it 200-jierrich jubileum. Der koene ideeën ynstjoerd wurde op mêd fan sûnens, previnsje, kultuer en mienskip. Mear as 300 ideeën kamen binnen. Dêrfan krigen úteinlik 35 priiswinners elk 5000 euro. De lêste prizen waarden moandei yn Ljouwert útrikt.

It ferfolch, as it der komt, mei net ta skea gean fan jild foar de soarch, seit Rob Propsma fan De Friesland.

De prizen koene dit jier betelle wurde troch de Stifting De Friesland. Dy hat jild krigen doe't De Friesland by de Achmeagroep kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)