Bêste fuotballers E-pupillen Noard-Nederlân yn Ljouwert

21 okt 2015 - 17:25
  • Voetbal Talenten Toernooi fan Noard-Nederlân, op de fjilden fan LAC Frisia yn Ljouwert

Jonge fuotballers koene woansdei op de fjilden fan LAC Frisia yn Ljouwert yn 'e kunde komme mei in nije fariant fan it pupillefuotbal. De F- en E-pupillen spylje no noch 7 tsjin 7 op in heal fjild, mar woansdei waard der op it Voetbal Talenten Toernooi op in grutter fjild 9 tsjin 9 spile. Dêrtroch is de stap lytser nei it hiele fjild én 11 tsjin 11, sa as it yn 'e D-pupillen komt.

Op it toernoai wurdt der fan strafskopgebiet oant strafskopgebiet spile. De bêste E-pupilleteams út Noard-Nederlân diene mei oan it Voetbal Talenten Toernoai.

De fuotballerkes krigen ek besite fan skouts fan SC Cambuur en SC Hearrenfean. Yn de rest fan it lân wurdt it 9 tsjin 9 fuotbal op in grutter fjild folle mear spile. Dêr binne spesjale 9 tsjin 9 kompetysjes. Yn it Noarden komt dat noch net echt fan 'e grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)