Bêste Fryske krantebesoargers

17 aug 2009 - 15:39

De Fryske kandidaten yn de striid om de bêste krantebesoarger fan it lân komme út Wikel en fan Skiermûntseach. De 18-jierrige Wikeler Roel Altenburg docht mei by de junioaren, Rob Timmers fan Skier by de senioaren. Sy binne de bêste krantebesoargers fan Fryslân en sille no har abonnees oproppe om har stim út te bringen sadat se ek de lanlike titel pakke kinne.

De priis is ynsteld troch de Nederlandse Dagbladpers en wurdt foar de achtste kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)