Bêste dei Fryske kuorballers

25 nov 2007 - 17:25

De trije Fryske ploegen yn de haadklasse fan de sealkuorbal-kompetysje hiene in poerbêst wykein. Drachten wûn sneontejûn mei 20-13 fan Oost Arnhem. Snein wûn SCO yn sporthal de Steense fan Wolvegea mei 24-17 fan DOS/WK. Yn Almelo wie Mid-Fryslân te sterk foar AKC: 22-25.

Mid-Frylân hat no fjouwer punten út twa wedstriden, SCO en Drachten ha beide ien kear wûn en ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)