Bêste Coop is yn Winsum

19 jan 2011 - 12:10

De bêste Coop-supermerk fan Nederlân stiet yn Winsum. Dat hat in sjuery bepaald, dy't de supermerk in jier lang op ferskate ûnderdielen besjoen hat. It giet dan ûnder oare om de farskheid fan de produkten, de service en de hygiëne.

By de supermerk Coop Tolsma yn Winsum sprong benammen de blomme- en plante-ôfdieling der út. Ek in prima sfear en it entûsjasme fan de meiwurkers waarden apart neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)