Bêst draaiende dongfergister

04 okt 2007 - 17:14
  • De bêste dongfergister fan de wrâld stiet yn Hantumhuzen
  • Feest by de famylje Van Oosten

By boerebedriuw Van Oosten yn Hantumhuzen stiet de bêst draaiende dongfergister fan de wrâld. Yn in jier tiid hat de fergister mar 26 oeren stil stien. Dat komt del op in draaipersintaazje fan 99,7 prosint. Neffens de bouwer fan de ynstallaasje is dat in hast ûnmooglike prestaasje.

Om it bysûndere feit te fieren waarden Henk van Oosten en syn famylje tongersdei yn it sintsje set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)