Besmetlik firus yn MCL

21 des 2006 - 16:46

Op de geriatryske ôfdieling yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne tsientallen meiwurkers en pasjinten troffen troch it saneamde Norro-firus, in firus dat in soad wei hat fan it grypfirus. In soad pasjinten hawwe dêrtroch diarree en se moatte fan spuien.

Neffens it sikehûs binne minsken ien of twa dagen siik. Hoe't de besmetting ûntstien is, is net te achterheljen. It firus is hiel besmetlik. In soad minsken binne op 't heden siik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)