Besmet wurk by Prins Dokkum

07 mrt 2013 - 15:37
  • Staking Prins Dokkum

De direksje fan Prins Dokkum lit wurk oernimme troch in oar bedriuw. Neffens de fakbûnen CNV en FNV giet it dan ek om "besmet wurk", omdat der yn Dokkum staakt wurdt. De bûnen ha dêroer in warskôging nei de direksje fan Prins stjoerd.

It soe gean om laadwurksumheden, en om netwurkbeheardersfunksjes. Ek soenen minsken mei kantoarfunksjes it fabryk ynstjoerd wurde om personielsleden mei útfierende wurksumheden op de fingers te sjen, wat liedt ta spannings. De fakbûnen driigje mei mear wurkûnderbrekkings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)