'Beslút Teeven soarchlik'

11 okt 2013 - 22:26
  • Advokaat Tjalling van der Goot

Steatssikretaris Fred Teeven hat lak oan it rjochterlike oardiel en dat is in soarchlike ûntwikkeling. Dat seit de Fryske advokaat Tjalling van der Goot yn reaksje op it beslút fan Teeven om Volkert van der G. gjin proefferlof te jaan. Ferline wike liet de Raad voor de Strafrechttoepassing witte dat it goed wêze soe om Van der G. proefferlof te jaan om him ta te rieden op syn rentree yn de mienskip. Teeven is lykwols benaud foar maatskiplike ûnrêst.

Van der Goot fynt dat de steatssektaris net op de stoel fan de rjochter sitten gean moat.

Volkert van der G. skeat yn 2002 politikus Pim Fortuyn dea en dêrfoar sit hy no in selstraf út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)