Beslút Suderseespoar falt letter

22 sep 2006 - 16:39

It nije rappe spoar tusken Noard-Nederlân en de Rânestêd lit wer langer op him wachtsje. It kabinet wol it beslút oer de ferkiezings fan 22 novimber hinnetille. Earder sei it kabinet al dat de miljoenen better yn oare saken stutsen wurde kinne, mar de Twadde Keamer woe in nij ûndersyk. De útkomsten dêrfan moatte ynkoarten presintearre wurde. It jild dat foar it Suderseespoar achterútlein is, bliuwt beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)