Beslút Sintrum foar de keunsten

16 des 2001 - 00:00

De gemeenterieden fan Snits en Wymbritseradiel nimme dizze moanne in beslút oer de oprjochting fan in stifting Sintrum foar de keunsten Snits/Wymbritseradiel. Yn dy stifting sille in muzyken dûnsskoalle opnomme wurde.

Ut helberheidsûndersiken hat bliken dien dat it needsaaklik is dat der ien sintrale húsfesting komt yn Snits foar de ferskate keunstdissiplines.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)