Beslút oer takomst NW-Fryslân

17 sep 2013 - 18:45
  • Gemeentehûs Frjentsjerteradiel

De kolleezjes fan de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel meitsje moarn bekend hoe de bestjoerlike fúzje fan de trije gemeenten op 1 jannewaris 2016 derút komt te sjen. De ôfrûne jierren is der yntensyf oerlis west oer de bestjoerlike takomst fan noardwest Fryslân. De gemeenten Ljouwerteradiel en Harns binne úteinlik ôfheakke middels in referindum. De ôfrûne moannen is der tusken It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel en de provinsje oerlis west oer de nije koers.

De situaasje dy't ûntstien is wykt nammentlik ôf fan de provinsjale fisy op de ynrjochting fan Fryslân. Yn oktober nimme de trije rieden in beslút oer it foarstel fan de kolleezjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)