Beslút oer royemint nei wykein

24 okt 2004 - 14:07

It bestjoer fan fuotbalklub Ljouwerter Sweltsjes nimt pas nei it wykein in beslút oer it al as net royearjen fan earefoarsitter Meindert Tadema. It bestjoer kin sa'n beslút nimme om't it by in ledegearkomste dêrta in mandaat krigen hat. Boppedat stiet yn de statuten dat it bestjoer it foech hat om leden te royearen.

It is ek noch net bekend wat der gebeurt mei sponsor boubedriuw Tadema, mocht de earefoarsitter royeard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)