Beslút oer Polderhoofdkanaal

07 nov 2005 - 11:05

Moandei wurdt bekend oft de gemeenterie fan Opsterlân in miljoen euro oer hat foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal tusken Nijbeets en De Feanhoop. Mei it jild moatte de brêgen yn de rûte ferhege wurde. Ek moatte der oanlisplakken foar boaten komme.

B. en w. binne foar it frijmeitsjen fan it miljoen, omdat sy tinke dat der troch weriepening fan it kanaal mear wettersporters nei Opsterlân komme sille. It projekt kostet 8 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)