Beslút oer Fynst of Froeks

30 mrt 2009 - 16:56

De provinsje nimt tiisdei in beslút oer hokker jongeresite in grut bedrach oan subsydzje kriget. Fynst.tv en Froeks.tv meitsje beide gading oan it jild. It giet om in bedrach fan 150.000 euro. De site dy't de measte jeugd lûkt krijt de sinten.

De bedoeling is dat de site it Frysk lêzen sa goed mooglik stipet ûnder de jeugd. Fynst draait no in jier en Froeks krekt wat koarter. Beide wolle se graach it jild hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)