Beslút oer Froskepôlepleats

05 des 2008 - 12:07

B en W fan Snits nimme takom wike in beslút oer de Froskepôlepleats oan 'e Houkesleat. De rjochter hat de ferkeap oan soarchgroep Tellens ferbean. Snits hie in proseduereflater makke. Oare gadingmakker Vinea Domini yn Snits hie yn in koart pleit beswier makke tsjin de ferkeap oan Tellens.

Boargemaster Brok sei yn de riedskommisje dat Snits gjin berop oantekenje sil tsjin de útspraak fan de rjochter. De gemeente wol dat de pleats in soarchbestimming kriget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)