Beslút oer earste stik N381

07 feb 2007 - 23:38

De Steaten nimme op 21 febrewaris in beslút oer it foarkarstrasee fan de N381, de dyk fan Drachten nei Easterwâlde. In krappe mearderheid fynt dat dan dúdlik wurde moat wêr't it earste stik fan de dyk del komme moat. It giet dan om it stik fan Drachten nei Donkerbroek.

De gemeenteried fan Eaststellingwerf fynt it ferstanniger te wachtsjen op in stúdzje nei it trajekt Donkerbroek- Easterwâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)