Beslút oer Bad-, Welness- en Spa resort op It Amelân

12 jul 2015 - 11:58
  • It Amelân

Moandeitejûn nimt de gemeenteried fan It Amelân in beslút oer it Bad, Wellness- en Spa resort Noordsee, in plan fan de Skylger ûndernimmer Harry Westers. It giet om in park mei 100 apparteminten of hotelkeamers by it gebiet De Vleyen bij Nes.

De wjerstân op It Amelân tsjin it plan hat him organisearre yn aksjegroep 'De Waakvlam'. Se wize der op dat dit gebiet, mei ûnder oaren diskoteek De Swinging Mill, te drok is en dat foar wellness rêst en romte nedich is.

Boppedat fine de aksjefierders it projekt te grut foar it lytsskalige karakter fan It Amelân.

Der binne lykwols ek eilanners fóar it plan. VVV-direkteur Cinto Prosperi tinkt dat it wellness resort miskien wol 100.000 ekstra besikers opsmite sil, ek bûten it heechseizoen. Neffens him past it plan krekt hiel goed op It Amelân.

Undernimmer Westers wol, yn oparbeidzjen mei Kontour Vastgoed, 100 hotelkeamers bouwe. Foar it wellness resort sil it bronwetter oppompt wurde dat op 700 meter djipte by Nes yn de grûn sit.

De ûndernimmer sil dêrfoar in stik grûn oernimme moatte fan it Natuurcentrum en fan de gemeente. Fierder moat de Molenweg omlein wurde nei de Strandweg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)