Besletten training SC Hearrenfean

24 apr 2015 - 14:01
  • Marten de Roon

SC Hearrenfean hat freedtemiddei it earste oere efter sletten doarren traind. Trainer Dwight Lodeweges hat te krijen mei definsive soargen en wol de tsjinstanner fan sneon, Willem II, net wizer meitsje. "Ik neem aan dat zij ook weten dat Stefano Marzo geschorst is en dat Doke Schmidt en Joost van Aken geblesseerd zijn. Hoe we dat gaan oplossen, dat hou ik nog even voor me", sa sei Lodeweges.

By winst op de Tilburgers is Hearrenfean sa goed as wis fan dielname oan de play-offs foar Europeesk fuotbal.

De kâns is grut dat oanfierder Marten de Roon as sintrale ferdigener spylje sil. Dêrtroch kin Kenneth Otigba of Jerry St. Juste nei de sydkant ferhúzje. De rjochtsback fan it belofteteam, Harkyt Willem Huizing, sit tsjin Willem II op de bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)