Besletten betinking Stenden

24 okt 2013 - 20:22
  • By Stenden Hegeskoalle hinget de flagge healstôk

De betinkingsbyienkomst dy't kommende moandei by Stenden Hegeskoalle hâlden wurdt foar de omkommen studint Idsart Otte krijt in besletten karakter. Stenden wol sa foarkomme dat der te folle minsken fan bûten komme. Ek media is net wolkom.

De byienkomst duorret ûngefear in oere en is allinnich bedoeld foar meiwurkers en studinten fan Stenden sels. Yn it stiltesintrum fan de hegeskoalle leit sûnt woansdei in spesjaal boek dêr't elk syn herrinnerings oan Idsart opskriuwe kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)