Beslanbetinking komt min út

14 sep 2004 - 10:52

Fryske skoallen stean tiisdei ek stil by it bluodderige gizelingsdrama yn Beslan. It Kabinet hat oproppen ta in minút stilte om 12 oere. Mar de measte skoallen gean út om 12 oere of se binne al earder útgien. Guon skoallen hawwe dêr wat op fûn: se dogge de minút stilte no earder op de moarn.

By de gizeling yn Beslan rekken 335 minsken dea, fan harren 155 bern. In soad lizze noch yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)