Beslach op boedel spuitbusfabryk

29 sep 2004 - 10:36

De fakbûnen hawwe beslach lein op de ynboedel fan Enna Aerosols yn Dokkum. De bûnen binne lilk om't it spuitbussefabryk pensjoenjild brûkt hat foar in reorganisaasje. It giet om in bedrach fan 350.000 euro, betelle troch de wurknimmers fan it fabryk.

Neffens de bûnen kin dit perfoast net en komme sa de pensjoenen en de VUT-regelingen yn gefaar. De saak leit al by de rjochter. Dy docht moandei útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)