Beslach lein op guod Westerbaan

18 feb 2003 - 00:00

De ING bank hat freed beslach lein op it besit fan de opfolgers fan it fallite bedriuw Westerbaan. De rjochter bepaalt fan de wike oft dat terjochte is. De bank lei it beslach om't der in skuld is fan trije miljoen euro. Direkteur Brander hat foar it fallissemint in tal nije BV's oprjochte. Dy kinne neffens him net oansprutsen wurde op de skulden fan Westerbaan. Hy wol fan it beslach ôf om't de bedriuwen sa net wurkje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)